Requiem ta treast

Requiem ta treast

Komponist Marcus Veenstra hat in soad ûnderfining as muzykdosint oan muzykskoalle (Ritmyk) en basisskoalle, koar en orkestdirigint. Hy hat him spesjalisearre yn it wurkjen mei amateurs. Yn de rin fan de jierren hat Veenstra in grut tal opliedingen folge.

Bij Piet Post studearre hij oan it Konservatoarium yn Ljouwert it fak oargel; hij helle in foech 'kerkmuziek', studearre koordireksje bij Jan Pasveer en Joop van Zon oan it Sweelinckconservatorium yn Amsterdam, dien in post-HBO-studzje keyboards oan it Konservatoarium yn Alkmaar, bij Peter Rijs en Rob van der Sande. Foar it diploma faklearkrêft muzyk oan de basisskoalle gie Veenstra nei Codarts yn Rotterdam.

Mear ynformaasje op syn website https://muzeman.nl