Requiem ta treast

Requiem ta treast

Skriuwer en dichter Gerben Willem Abma (Folsgeare, 12 july 1942 - Ljouwert 23 july 2024) hat in soad skreaun. Hy wie it jongste bern yn in grutte ortodokse boerehúshâlding. Hy studearre rjochten yn Utrecht en yn Grins teology. Nei’t er jierrenlang learaar yn it fuortset ûnderwiis hie, wurke er sûnt 1987 as psychoterapeut.

Yn 1973 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn earste trije dichtbondels dy’t er ûnder it pseudonym Daniël Daen publisearre hie.

De advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis wurdearre yn dat iere dichtwurk it algemien minsklike, dat fierder rikt as it momint. Yn it persoanlike wurk oer de gefoelens, emoasjes, oantinkens, tinzen en ideeën wurde de grutte tema’s lykas libben en dea, leafde, it minsklik tekoart, it leauwe en de maatskippij behannele. Yn de fersen sitte bylden en ferwizingen nei de Bibel, en nei de myten en de filosofy fan de âldheid. Yn letter wurk toande Abma mear engaazjemint en wie de toan mylder en wienen de fersen begrypliker.

En it barde

Nei in tsiental poëzybondels ûnder it pseudonym Daniël Daen kaam Abma yn 1980 mei de bondel En it barde ûnder eigen namme en dêrnei mei in rige romans dy’t er ek ûnder eigen namme ferskine liet. De earste, In Satansbern (1981), lit deselde wrakseling om in eigen identiteit sjen as de earste poëzybondels. Mear romans folgen wêrûnder de fjouwerdielige romanrige oer Heerd Hissema tusken 1983 en 1990. Yn syn lettere bondels spruts er him út oer maatskiplike misstannen, mar ek oer leafde en freonskip, it ôfskie fan syn âlden en de sin fan syn bestean.

Oer it earste skriuwen sei er yn 1984. ‘It skriuwen fan dy fersen hat in dúdlike ôfrekken west. Ek wie it in katarsis, suvering en in bewustmeitsjen. (…) Kinst it sjen as in geweldich fet fan gefoelens dêr’t it lid op in stuit fan omheech komt.’ Oer syn dichtersnamme sei er doe: ‘Ik siet yn ’e trein en ik trof in man dy hjitte fan Daan en Daniël skeat my yn ’t sin, dat fûn ik prachtich. Daniël Daen fûn ik in prachtige alliteraasje, koart en krêftich, docht it goed en hat it altyd goed dien. Daniël betsjut: ‘God richtet my’, dêr sit in stikje skepsis yn.’

Syktocht

Skriuwen wie foar Abma in syktocht, sa’t er yn 2003 sei. ‘Wat is skriuwen? Wêrom skriuwt ien? Ik bin gjin sjoernalistyk ferteller as Durk van der Ploeg of in natuertalint as Trinus Riemersma. Foar my is it skriuwen in syktocht. Ik skriuw om mysels te oarderjen, om ynsicht te krijen yn mysels, oersjoch op myn libben.’ Ek oaren seagen dat sykjen. Sa skreau Philippus Breuker yn de ynlieding fan de mânske sammelbondel mei in kar út 45 jier fan syn poëzy Troch eigen lânskip dy’t yn 2012 (by de 70ste jierdei) ferskynde: ‘Abma is de dichter fan de syktocht nei it inerlik wêzen. Dy syktocht wurdt ynjûn troch twa dingen, it leauwe en de psycho-analyze. Beiden hat er persoanlik trochlibbe.’ Yn syn besprek skreau Abe de Vries: ‘de poëzij fan Abma is de poëzij wurden fan in befrijing likegoed as fan it sykjen.’

Abma wie in alsidich en produktyf skriuwer. Neist proaza en poëzy skreau er ek toaniel. Syn lêste wurk ferskynde yn 2018, de bondel Ferbûn en sjoen, mimeringen oer myn leauwe en libben. Yn it foaropwurd stiet: ‘It dielen fan ûnderfiningen en emoasjes mei jo meiminske yn ienriedichheid en ferbûnens, is foar my tige kostber en nei’t ik hoopje ek foar de lêzers fan dizze bondel. Ik doel op emoasjes as eangst, grime, mismoed en skuld, mar ek op dy fan fertrouwen, hope en oerjefte. Dat dizze publikaasje syn rjochtfeardiging fine mei yn dat dielen.’

Ynspiraasje

Willem Abma hat as skriuwer sjen litten dat in ûngelokkige bernetiid in moaie boarne fan ynspiraasje wêze kin. Doe’t er it tema fan de ûntwrakseling oan it âlderlik miljeu en it finen fan in eigen identiteit fan alle kanten besjoen en op alle manieren behannele hie, socht er om nije tema’s, lykas syn mystike leauwe en oanhâldend ferlet om yn de inerlike dialooch fan it gebed it kontakt mei God te ûnderhâlden.

Tekst oernommen fan de side van Tresoar