Requiem ta treast

Requiem ta treast

De skriuwer en dichter Willem Abma (Folsgeare 1942 - Ljouwert 2024) hat yn 2015 de tekst skreaun fan dit 'Requiem ta treast', nei it ferstjerren fan in dierbare. Komponist en freon van Abma, Marcus Veenstra fan Ljouwert, hat dizze tekst op muzyk setten foar koar, solisten en mei begelieding fan orkest of piano.

Hjirûnder de tekst fan it earste liet foar koar.

Wêrom?

Hear, wêrom ûntfalt my dy't ik leavje?

Gjin oaren kin myn fertriet neifiele.

Gjin minske kin myn ferlies bedjipje.

Hoe moat ik fierder sûnder myn leafste.

Ferslein fiel ik my, wêr moat ik hinne?

De jierren dy't in minske jûn wurde,

wat jout it dy't iensum achter bliuwe?

Wêrom is de dea sa ûnmeilydsum?

Wêrom is de dea sa ûnmeilydsum?

Wanhope bekrûpt my, ik stean allinne.

Hear, wat moat ik sûnder dy't ik leavje?

Hear, wêrom ûntfalt my dy't ik leavje?

Gjin oaren kin myn fertriet neifiele.

Gjin minske kin myn ferlies bedjipje.

Hoe moat ik fierder sûnder myn leafste.

Wêrom, Hear, wêrom?